Kristlike tv-stjoerder op kabel

© Omrop Fryslân
Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân hawwe fan no ôf kristlike televyzje. De Evangelyske Gemeente yn Kollumersweach hat derfoar soarge dat it Amerikaanske Christian Channel op 'e kabel kommen is.
De Ingelsktalige stjoerder bringt bibelstúdzjes en tsjerketsjinsten. Net elkenien is bliid mei de nije stjoerder. Guon dûmnys binne benaud dat de tsjerkegongers sneins thúsbliuwe sille.