Gjin gedoochbelied lânbougif

23 aug 2000 - 19:46

Foar ûnmisbere lânbougiffen dy't sûnt koarte tiid ferbean binne, komt gjin gedoochbelied. Dat hat minister Pronk tiisdei yn in Keamerdebat dúdlik makke.

In tal bestridingsmiddels is ferbean, mar omdat de lânbousektor dêr gjin alternativen foar ûntwikkele hat, binne dy giffen noch ûnmisber. Earder woe Pronk dy middels dêrom al tastean, mar de rjochter hat dat ferbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)