Twa ferwûnen by auto-ûngemak

23 aug 2000 - 17:38

In 40-jierrige man út Krimpen aan de IJssel is tiisdei mei syn bestelauto oer de kop slein by Koarnwertersân. Op de Ofslútdyk helle er in pear auto's yn. Hy rekke dêrby de macht oer it stjoer kwyt en sloech oer de kop.

Hy kaam op it fytspaad telâne en rekke in 49-jierrige frou út Zaltbommel dy't dêr mei har man fytste. De frou en de bestjoerder binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)