Wjerstân tsjin keuring slachtfee
Klanten moatte yn 'e takomst mooglik mear jild op it kleed lizze foar in stikje fleis. Neffens Europeeske regels moatte de bisten foar de slacht ek troch in feedokter op sykten ûndersocht wurde. Oant no ta fierde inkeld in karmaster de fleiskeuring út.
De slachters binne net bliid mei de nije maatregel. Hja fine dat de polityk foar harren opkomme moat.