Brân by autobedriuw Harns

23 aug 2000 - 09:53

By in brân yn autobedriuw Westra oan de Oosterparkweg yn Harns binne tiisdei tsien auto's en in part fan de garaazje ferlern gien. De brân ûntstie yn trije auto's dy't bûtendoar stiene. It fjoer sloech oer nei de garaazje.

Omwenjenden waarden wekker en bellen de brânwacht dy't it fjoer blusse koe. It wenhûs fan de eigner fan de garaazje koe beholden bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)