Direkteur Krûdhof moat fuort

22 aug 2000 - 16:47

It takomstich bestjoer fan de botanyske tún de Krûdhof yn Bûtenpost moat op syk nei in nije direkteur. De gemeente Achtkarspelen hat besletten om it kontrakt mei direkteur Boele net te ferlingen.

Boele hie sels noch wol in pear jier fierder wold as direkteur. Op dit stuit wurdt wurke oan privatisearring fan de Krûdhof. Neffens Boele hat hy de tún dêr yn alle gefallen klear foar makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)