SCI wreidet mei 350 minsken út

© Omrop Fryslân
It kompjûterassemblaazjebedriuw SCI op It Hearrenfean hat meikoarten 350 nije wurknimmers nedich. Dêrmei wurdt it personiel ferdûbele. De minsken binne nedich om't opdrachtjouwer Hewlett Packard de produksje út it bûtenlân wei hellet.
It útstjoerburo ferwachtet gjin swierrichheden mei it finen fan personiel. De produksjetaname bestjut in bettere garânsje foar de kontinuïteit fan SCI.