Goede start foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur is moandei goed út ein set mei de kompetysje yn de Toto-divyzje. De foarich jier degradearre Ljouwerters hiene tsjin en yn Eindhoven yn Jan Bruin in belangrike spil yn 'e oanfal. De spits skoarde twa kear foar de rêst en bepaalde dêr de einstân mei.
Bruin spile tusken 1991 en 1996 ek foar Cambuur.Nei FC Zwolle en Volendam kaam er dit seizoen wer werom yn Ljouwert.