Boeren ha nocht fan stellerij
Boeren oan de Hoarnestreek yn de Bjirmen ha skjin har nocht fan de stellerij dêr't se hieltyd mear mei te krijen ha.
Griente en oare lânbouprodukten waarden oant no ta op in karke by de dyk ferkocht. Klanten koene it sels pakke en jild yn in bakje dwaan, mar dat is net langer fertroud. Der binne minsken dy't it guod sa meinimme en it jild der noch by.