Ludike aansichten falle ferkeard

© Omrop Fryslân
In kaarte-aksje fan it Arbeidsburo yn Noard-Nederlân is by in tal wurksykjenden net goed fallen. 'Een vriendelijke vakantiegroet van Syts' stiet ûnderoan op de 10.000 ferstjoerde kaarten.
De arbeidsfoarsjenning besleat om oare ludyk bedoelde aansichten mei ferlykbere teksten net mear te ferstjoeren. Dy kaarten wienen al drukt. Ek minsken dy't wurkje, stienen noch yn it bestân.