Huisman kampioen mei oerwinning

19 aug 2000 - 17:15

Jacob Huisman is sneon by De Lemmer kampioen wurden yn de A-klasse fan de IFKS. Hy bekroande syn kampioenskip mei de winst yn de lêste wedstriid.

De spanning dy't noch bestie yn it klassemint kaam yn de wedstriid net goed út de ferve. Huisman hie in goede start en sylde as in spear op de winst ôf. Konkurrint Grondsma koe him net byhâlde en einige as fyfde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)