Reedriders by skeelertocht

18 aug 2000 - 13:32

Reedriders Marianne Timmer en Marnix ten Kortenaar dogge sneon mei oan de skeelertocht yn Bartlehiem. De organisaasje jout dit jier ekstra omtinken oan de feiligens fan de sporters op tsjillen en hat de reedriders frege te wizen op it belang fan in skatefeardichheidsbewiis.

De toertocht oer 25 of 50 kilometer wurdt foar de 13e kear hâlden. Der binne 300 dielnimmers. De start is yn Hallum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)