Wer winst foar Huisman

© Omrop Fryslân
Jacob Huisman hat woansdei op de Sleattemermar syn tredde oerwinning by it IFKS-silen behelle. Jitze Grondsma waard twadde, Jentsje Schraa tredde.
It wie foar skippers en publyk in moaie wedstriid by Sleat. Benammen om de plakjes achter Huisman waard striden yn de wyn, dy't útsjitters hie nei krêft seis. It skip fan Koos de Vreeze sloech om yn dat geweld.