Mishanneling op kamping

© Omrop Fryslân
De eigner fan kamping Oan 'e Swemmer yn Westergeast is moandei mei in knuppel slim mishannele troch in kampinggast. De besiker soarge foar lûdsoerlêst en hie de auto op it fjild stean wat net mocht.
Foar de mishanneling hie de eigner de man al in pear kear op syn gedrach oansprutsen, mar dat hie gjin resultaat. It slachtoffer hat oanjefte dien. De plysje is op syk nei de dieder.