Minder rûmte troch minne kades

17 aug 2000 - 11:37

Oan de Westersingel en de eastkant fan it Noardfliet yn Ljouwert binne de kademuorren sa min, dat auto's út de kant parkearje moatte. Ut ynspeksje die bliken dat de wâlskanten rap achterút gean.

De gemeente Ljouwert besleat dat auto's ien of twa meter út de kant bliuwe moatte. Dêrtroch is der minder parkearrûmte oer. Oan de Westersingel kinne weinen inkeld noch yn 'e lingte delset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)