Transport net bliid mei kontrôle

© Omrop Fryslân
Fryske transportbedriuwen hawwe lêst fan de strange kontrôles dy't hâlden wurde op de boat nei Ingelân. Frachtweinen wurde nei de dea fan in groep Sinezen yn in laadbak neisjoen op flechtlingen.
Transport en Logistiek Nederlân hat al klage oer de hege boetes dy't bedriuwen krije as fersteklingen oantroffen wurde. De kontrôles kostje boppedat in protte tiid dy't min te ferheljen is.