Twizeler kleastermop nei Rome

© Omrop Fryslân
Kardinaal Simonis hat tiisdeimiddei in Fryske kleastermop de Friezetsjerke yn Rome yndroegen. De stien is de earste fan 500 âlde kleastermoppen dy't letter noch nei Rome ta geane.
Elke stien komt út in tsjerke, kleaster of kapel út it âlde Fryslân, dat fan Seelân oant Denemarken rûn. Simonis hat in stien brocht út Twizel, dy't ferbûn is mei in ferhaal oer de preker Liudger.