Rispinge nôt en mais op skema

16 aug 2000 - 11:08

De rispinge fan nôt en mais leit yn Fryslân op skema. Dat seit Pars fan it graanbedriuw yn Sint Jabik. Op oare plakken yn Nederlân ferrint it rispjen stadiger. Dat hat te krijen mei it wikselfallige waar dizze simmer.

De groei fan mais rint dúdlik achter, mar dat gewaaks komt pas ein septimber fan it lân. Mei net te tsjuster en te droech waar is de rispinge gemiddeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)