Tegelfabryk Menaam is hast klear

© Omrop Fryslân
It tegelfabryk yn Menaam kin nei alle gedachten ein septimber wer mei de produksje begjinne. Dat ferwachtet eigner Baas. De pleats dêr't it fabryk yn fêstige wie, baarnde yn novimber folslein ôf troch in te hite ûne.
It tegelfabryk is op itselde plak en yn deselde styl wer boud. In moanne nei't it fabryk yn gebrûk nommen is, kinne de earste tegels levere wurde.