Keunstgers foar fuotbalklub

15 aug 2000 - 11:54

By it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean is moandei út ein set mei it ynnaaien fan keunstgers op it besteande fjild. Mei de komst fan 'e keunstmatte rekket it fjild minder gau skansearre.

Hearrenfean is aansen de twadde profklub dy't op keunstgers spilet. Fuotbalklub NAC út Breda hat al keunstgers. It wurk op It Hearrenfean sil fjouwer wiken duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)