Tekoart oan kreamfersoargers

© Omrop Fryslân
Der binne te min kreamfersoargers yn Fryslân. Dat seit ferloskundige Carla Loman út Ljouwert. Dêrtroch moatte se faak grutte ôfstannen ôflizze en kinne te let by in befalling komme
Ferloskundigen moatte befallingen boppedat faak allinne dwaan. Dat is meastentiids net slim, mar as der komplikaasjes by de berte ûntsteane, kin ien ferloskundige it wurk amper oan.