Fyftich prosint mear fakatueres

15 aug 2000 - 11:54

Mei mear as fyftich prosint is it tal fakatueres yn Fryslân ferline jier tanommen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it CBS.

Benammen yn de bou is it dreech om personiel te krijen. In technysk útstjoerburo út Koatstertille sil nei Tsjechië ta om minsken te winnen. Neffens it bedriuw binne yn de provinsje alle mooglikheden om wurknimmers te krijen brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)