Ut en thús wint yn Hylpen
Koos de Vreeze fan Snits hat mei de 'Ut en thús' sneon de earste wedstriid fan it IFKS yn Hylpen by de A-klasse wûn. Twad waard Brundel mei 'Lytse Lies' en tred titelferdigener Meijer mei 'Jonge Jasper'.
Mocht Meijer dit jier winne, dan mei er de priis -it sulveren skûtsje- hâlde, om't it syn fyfde kampioenskip wurde soe.