Abma Frysk kampioen fierljeppen

12 aug 2000 - 17:35

Rimmer Abma is mei 17.69 meter by de senioaren kampioen wurden op it Frysk Kampioenskip fierljeppen sneon yn Winsum. Hy pakte foar de 5e kear de titel. Rekordhâlder Haanstra helle de finale net.

Rein Rypma waard earste by de jonges mei 15.18, Antke van der Wal waard foar de sechsde kear kampioen by de froulju mei 14.37. Rein van der Wal einige as earste by de junioaren mei 16.27.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)