Eilannen toane waar op ynternet

© Omrop Fryslân
De VVV's fan de Waadeilannen sille ynternet brûke om deitoeristen te lûken. In soad minsken bliuwe no faak thús fanwege minne waarfoarsizzings. Dat soe It Amelân in pear ton yn it jier skele.
De VVV's wolle no op ynternet livebylden fan de eilannen sette. Dêrmei moatte deitoeristen oertsjûge wurde dat it waar op de eilannen faak lang sa min net is as foarsein wurdt.