Grou dit jier oppermachtich

© Omrop Fryslân
Grou wie dit jier oppermachtich by it SKS-skûtsjesilen. Berend Mink en syn manlju wûnen fiif wedstriden, de minste útslach wie in sande plak. Grou hie de ôfrûne jierren faak twadde west, de lêste klassemintswinst wie 28 jier lyn.
De Lemmer wûn dit jier twa wedstriden, Ljouwert, Boalsert en It Hearrenfean elk ien. Fjouwer skippers debutearren by it SKS-silen.