Komst McDonald's De Lemmer ûnwis

© Omrop Fryslân
De komst fan de McDonald's-festiging op De Lemmer is ûnwis. It Amerikaanske bedriuw en de gemeente binne it ûniens oer it plak fan de McDonald's reklamemêst.
By de restaurants stiet de pylder fuort neist it gebou oan de grutte dyk. Om't dat op De Lemmer net mooglik is, wol takomstich eigner Smit him der net fêstigje. It plak oan de A6 dat de gemeente oanwiisde, is foar him net in opsje.