Legere enerzjyrekkens takom jier

10 aug 2000 - 19:27

Partikulieren en bedriuwen betelje mei yngong fan takom jier minder foar stroom. Fan de oerheid moatte de enerzjybedriuwen de transportkosten fan stroom mei in kwart omleech bringe.

De enerzjyrekken fan in húshâlden wurdt 5 prosint leger en foar in bedriuw kin it 20 prosint minder wurde. De legere rekkens kostje de enerzjybedriuwen mooglik miljoenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)