Ferlies foar SC Hearrenfean

09 aug 2000 - 14:47

SC Hearrenfean ferlear mei 1-3 de earste (oefen)wedstriid yn de Champions League. De klub spile tiisdeitejûn thús tsjin Chelsea. Dennis de Nooijer skoarde yn de 55e minút foar de Friezen. Dêrmei wie er goed werom nei't er oardel jier út de rûlaasje west hie fanwegen in blessuere.

Neffens Foppe de Haan wie de ploech te benaud. De spilers hienen op dat nivo noch te min wedstriden spile, sei er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)