Rely Jorritsma-prizen takend

© Omrop Fryslân
It Rely Jorritsma Fûns hat dit jier fjouwer prizen takend. By de gedichten binne de winners Marije Roorda fan Harns mei 'Seedyk' en Gryt Witbraad fan Aldegea-Wymbrits mei 'Simmerscêne'.
Ek twa ferhalen binne yn 'e prizen fallen. It giet om 'Ioana' fan Ulke Brolsma út Zaandam en Koos Tiemersma fan Kollumersweach mei 'It alter'. De prizen wurde op 7 oktober útrikt.