Hieltyd mear Friezen yn 'e skuld

© Omrop Fryslân
It tal minsken mei skulden yn Fryslân is ferline jier mei tsien prosint tanommen. Dat docht bliken út it jierferslach fan de mienskiplike kredytbank Fryslân.
De bank besiket minsken fan har skuld ôf te helpen. De bank helpt hieltyd mear jongeren. Neffens direkteur Bergsma is de ferlieding om in liening foar djoer guod ôf te sluten faak te grut. Trochstrings leit de skuld om de 20.000 gûne.