Minder boaten troch brêgen
Yn Fryslân binne de ôfrûne moanne folle minder skippen troch de sluzen en brêgen gien as ferline jier om dy tiid. It tal passaazjes is sakke mei in lytse fyftjin prosint. It giet dan om 14 tûzen skippen.
It grutste ferskil waard metten by de Johan Frisoslús yn Starum. Akkrum is it iennichste plak dêr't mear skippen troch de brêge gien binne yn july.