Nekkramp by sylkampdielnimmer

08 aug 2000 - 18:21

By in 14-jierrich famke út Emmen, dat op sylkamp wie yn Fryslân, is nekkramp konstatearre. De famylje fan it famke en de groep dêr't se mei oan it silen wie, ha de needsaaklike medisinen krigen.

It giet no goed mei it famke, neffens de GGD Fryslân. Nekkramp wurdt feroarsake troch in baktearje yn de kiel dy't elk by him draacht. By fermindere wjerstân en te min sliep kin nekkramp optrede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)