Noch gjin spoar fan Zondervan

08 aug 2000 - 15:21

Robert Zondervan fan De Jouwer is noch hieltyd fermist. Heal maaie gong er jûns mei de auto nei de saak. Sûnt dy tiid is er spoarleas. Sykaksjes hawwe neat opsmiten. Der binne gjin dúdlike oanwizings foar in ûngemak of misdriuw.

De plysje fan De Jouwer freget minsken dy't ynformaasje hawwe, kontakt op te nimmen. Zondervan ried yn in swarte Opel Corsa mei it kenteken SN-FJ-34.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)