Burgumers sûn wer thús
De Burgumer jongeren, dy't op de Spaanske kamping sieten dêr't in Nederlânsk famke oan nekkramp ferstoar, binne snein sûn werom kommen yn Burgum.
Neffens de jonges hie it foarfal in soad ynfloed op de sfear op de kamping. Foar de Burgumers wie dat lykwols gjin reden om de kamping te ferlitten. De kâns op besmetting wie foar harren lyts.