Bløf no op 7 septimber

07 aug 2000 - 17:02

It konsert fan Bløf wurdt dochs op it Sjûkelân yn Frjentsjer holden. As nije datum is keazen tongersdei 7 septimber. It konsert soe ferline wike de tongersdeis nei de PC holden wurde. De organisaasje fûn doe lykwols de waarsferwachting te min.

Neffens de organisaasje giet it konsert no yn alle gefallen troch. De ferkochte kaarten bliuwe jildich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)