Regeling foar ielfiskers

© Omrop Fryslân
De ielfiskerij is in ôfrinnende saak, neffens Bauke Visser fan De Lemmer. Hy is ien fan 'e twa ielfiskers yn Fryslân dy't fan de sanearingsregeleing fan it ministearje fan Fiskerij gebrûk makket. It tal fiskers moat werombrocht wurde.
Fiskers kinne sûnt tongersdei har fergunnings tsjin in fergoeding ynleverje. Nei lang toulûken is dêr in goede finansjele regeling foar troffen.