Nije Skipper yn Orde Snitser Pan
Leo Pieter Stoel (37) is beneamd ta Skipper yn de Orde fan de Snitser Pan. Dat barde by de iepening fan de Snitswike. Hy makket him al jierrenlang fertjinstlik yn de wettersport.
Sûnt 1985 wurket Stoel foar de wedstriidorganisaasje en al seis jier is er foarsitter fan de Snitswikesjuery. It is frij ûngewoan dat in noch aktive skipper de fersiersels útrikt krijt.