Grou wint foar tredde kear

04 aug 2000 - 15:53

Grou hat tongersdei by Langwar foar de 3e kear yn 5 wedstriden it skûtsjesilen wûn. Grou moast twa kear om de startboei hinne, mar lei dêrnei gau rom op kop. Uteinlik wie de foarsprong 6 minuten.

Spannender wie de striid om it twadde plak. Snits en De Jouwer fierden dêr in moaie striid om, dy't Snits troch goede stjoerkeunst wûn. De Jouwer waard letter wegens in protest skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)