Fertochte Togolees noch fêst

© Omrop Fryslân
In 15-jierrige jonge út Togo bliuwt noch seker tritich dagen yn foararrest. Hy wurdt der fan fertocht yn Damwâld in 16-jierrige húsgenoat út Sierra Leone ombrocht te hawwen.
De Togolees sil ferskate ûndersiken ûndergean, lykas in röntgenûndersyk en in DNA-test. It earste moat útwize oft de jonge yndie 15 is. De leeftyd kin wichtich wêze foar de strafmaat.