Buert tsjin ferslaafde-opfang
Bewenners fan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert wolle mei in koart pleit de ferslaafde-opfang yn har buert keare. Neffens it aksjekomitee hannele de gemeente net soarchfâldich by de kar fan de lokaasje.
Yn it ûndersyksrapport oer de lokaasje stiet neffens it komitee net in dúdlike ûnderbouwing. Se fine dat it terrein by it busstasjon yn de stêd wol geskikt is.