Measte ferkearsdeaden yn Fryslân
Yn Fryslân binne ferline jier relatyf de measte deaden fallen yn it ferkear. Dat docht bliken út sifers fan de Adviesdienst Verkeer en Vervoer fan Rykswettersteat.
Op 100.000 ynwenners wiene yn Fryslân tolve ferkearsdeaden, fjouwer mear as it jier dêrfoar. Lanlik wiene der ferline jier trochstrings sân ferkearsdeaden op 100.000 ynwenners.