Wer selstraf foar aaiesmiters

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter Gerjochtshôf easke tiisdei op 'e nij selstraf tsjin de saneamde Kollumer aaiesmiters. De keaper fan de aaien hearde in eask fan 4 wiken wêrfan 3 foarwaardlik. De oaren 3 wiken wêrfan 2 ûnder betingst. Utspraak yn de heger beropssaak is oer fjirtjin dagen.
De jonges ôfkomstich út Twizelerheide en De Westerein smieten aaien op in byienkomst oer nijbou fan in azc yn Kollum.