Tsjûgen socht y.f.m. moard

01 aug 2000 - 19:39

De plysje siket tsjûgen yn ferbân mei de dea fan in 16-jierrige asylsiker út Damwâld, ferline wike. Ut ûndersyk hat bliken dien dat der om ende by it tiidstip fan de moard in donkere man op in fyts sjoen is.

De man ried op in ljochte hearefyts en hie in read-oranje shirt oan. De 15jierrige húsgenoat fan it slachtoffer sit noch hieltyd fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)