Muzykspektakel deis nei PC

31 jul 2000 - 10:46

'De dei der nei' is de namme fan it muzikale spektakel dat tongersdei op it Sjûkelân yn Frjentsjer organisearre wurdt. It is de dei nei de PC.

It hillige gers fan it keatsfjild krijt tydlik in oare bestimming en feroaret fan keatstimpel yn konsertarena mei in optreden fan de band Bløf. Earder hat der yn it ramt fan 100 jier KNKB ek alris in konsert plakfûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)