Grou wint op eigen wetter

29 jul 2000 - 18:52

It skûtsje fan Berend Mink út Grou hat it SKS-skûtsjesilen sneontemiddei op eigen wetter wûn.

Om 't der hast gjin wyn stie, moast de de start útsteld wurde. Net om twa oere, mar earst tsjin trijen giene de skûten oer de startline. De wedstriid yn Grou is de earste fan in rige fan alve silerijen. Fan de fjirtjin skippers dy't meidogge binne der fjouwer nij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)