Sprekoere bûten kantoartiid
In húsdokter dy't jûns of yn it wykein sprekoere hâldt. Dat sil neffens húsdokter Van der Hem fan Ljouwert al oer inkelde jierren it gefal wêze. Betingst is wol dat in oantal húsdokters dan meielkoar in praktyk foarmet.
De ferwachtings fan Van der Hem slute oan by in ûndersyk fan it Konsumintebûn. Dêrút docht bliken dat der grut ferlet is fan oare sprekoeretiden.