Rendac ûntkent fersmoarging foer

28 jul 2000 - 18:04

Rendac Burgum ûntkent dat it fersmoarge molke ferwurke hat ta feefoer. In boer út Zelhem beskuldiget it bedriuw der fan molke fan syn sike kij net ferneatige te hawwen, mar ferwurke ta foer.

De boer hat in klacht yntsjinne by it Iepenbier Ministearje. Dat sil de saak ûndersykje en binnen in moanne útslútsel jaan. Dêrnei wurdt besjoen oft der in strafrjochtlik ûndersyk folget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)