Needwaar yn Fryslân

28 jul 2000 - 17:38

Yn de omkriten fan Wynjewâld en Donkerbroek kamen freedtemiddei de strjitten en túntsjes blank te stean troch in wolkbreuk. Der ûntstie in soad wetteroerlêst. Benammen kelders kamen ûnder wetter te stean. De brânwacht hie hannen fol wurk, mar hie de saak gau ûnder kontrole.

Binnen in heal oere foel der troch de wolkbreuk sa'n 50 milimeter wetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)