Frysk as ferswierre byfak

27 jul 2000 - 11:50

It byfak Frysk oan de learare-oplieding fan de universiteit fan Flensburg yn Dútslân kin wol ferswierre wurde. Dat fynt it regear fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Ferline jier is it Frysk fan haadfak ta byfak redusearre. Dat hat laat ta fûle protesten fan Fryske organisaasjes yn Nederlân en Dútslân. It regear wol no fan Frysk in ferswierre byfak meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)